"Fersin mei stimmen Ljouwert hie gjin ynfloed op ferkiezing"

13 jun 2017 - 15:35

De gemeente Ljouwert hat by de Twadde Keamerferkiezings op harren webside it ferkearde tal stimmen publisearre, mar dat hat gjin ynfloed hân op de ferkiezings sels. Dat sei in wurdfierder fan de gemeente Ljouwert tiisdeitemiddei. Mei it oantal stimmen dat de gemeente trochjûn hat oan de Kiesried is neat mis, sa seit de gemeente Ljouwert. Op de gemeentewebside waarden by fersin wol ynkorrekte sifers melden, mar dy binne dus net trochjûn oan de Kiesraad.

(advertinsje)
(advertinsje)