Sineeske delegaasje op besite by gemeente Hearrenfean

13 jun 2017 - 15:10

De gemeente Hearrenfean hat tiisdeitemoarn in delegaasje út it Sineeske Hefei op besite hân. Doel wie om de ekonomyske bân te fersterkjen. Sa wiene der bygelyks fertsjintwurdigers fan ynvestearringsfûnsen út Hefei mei. Nei de offisjele ûntfangst krige it Sineeske selskip in rûnlieding troch iisstadion Thialf en by Sportklup Hearrenfean.

It wie net foar it earst dat der in delegaasje út Hefei nei It Hearrenfean kaam. Oarsom hat ek alris in delegaasje fanút Hearrenfean dêr hinne west.

(advertinsje)
(advertinsje)