Rapport: Helje Skandinavyske 50plussers nei it Waad

Toeristen fan fyftich jier of âlder út Skandinavíë binne in hiel oantreklike doelgroep foar it Waad, sa wurdt konkludearre yn in rapport makke yn opdracht fan it Programma Naar een Rijke Waddenzee. Dizze groep hat wol wat te besteegjen en is op syk nei rêst en romte yn kombinaasje mei in aktive fakânsje. Fansels fine je dat ek rom yn Skandinavië sels, mar dizze groep toeristen fielt him thús by in fakânsje dy't krekt wat oars is as yn eigen lân.
It Deenske Waad is bygelyks no al populêr by Noaren. Fryske rekreaasje-ûndernimers op en oan it Waad hawwe dizze doelgroep lykwols noch net ûntdutsen. En dizze potinsjele besikers ha no noch gjin idee dat de Waadsee as Wrâlderfguod bestiet. Dêr wurdt no wol oan wurke, mar der is mear nêdich om it gebiet digitaal better tagonklik te meitsjen foar dizze groep.