Undersyk nei berne-opfang yn Smellingerlân

De gemeente Smellingerlân hat ûndersyksburo Partoer opdracht jûn om út te finen hoefolle gebrûk der makke wurdt fan de pjutte-opfang en bernedeiferbliuwen. De gemeente krijt jierliks 7,5 ton fan it Ryk om de opfang fan bern te stimulearjen.
Demisjonêr minister Asscher hat lanlik in pot fan 60 miljoen euro beskikber, om't it Ryk it belangryk fynt dat minsken harren bern nei de opfang bringe kinne. Om dat jild goed útjaan te kinnen, wol de gemeente mear gegevens ha.