Amerikaanske rivierkreeft feroveret it Fryske wetter

13 jun 2017 - 13:23

It wurdt in wiere pleach yn it Fryske binnenwetter: de brune flekke Amerikaanske rivierkreeft. Yn trije jier tiid liket de populaasje op guon plakken tsienfâldige. In probleem foar fiskers, mar ek skealik foar wâlskanten en dykjes. De eksoatyske kreeft is by Earnewâld manmachtich oanwêzich en byt him fêst yn de fûken fan fisker Ale de Jager. Hy sjocht it probleem hieltyd grutter wurden en wol graach yn petear mei it Wetterskip.

(Advertinsje)
(Advertinsje)