Ljouwerter bekûgelet plysje mei bakstiennen

13 jun 2017 - 12:58

De plysje yn Ljouwert hat moandeitejûn in 27-jierrige man út de stêd oanhâlden om't er aginten mei bakstiennen bekûgele hat. Ek bedrige de Ljouwerter de plysjemeiwurkers mei de dea. De man waard op de Foarstreek oanhâlden nei't er earder al mei in stik izer in fyts fernield hie. Doe't de plysjes oankamen ferlear de man al syn selsbehearsking en foel er de aginten oan.

De plysjemeiwurkers hawwe yntusken oanjefte dien tsjin de Ljouwerter. De fertochte sit noch fêst, de plysje docht ûndersyk nei wat der allegear bard is.

Trefwurden: 
oanhâlding Ljouwert bakstien
(advertinsje)
(advertinsje)