Mem Marianne Vaatstra opnij nei rjochter om kontaktferbod

Maaike Terpstra, de mem fan Marianne Vaatstra © ANP
Maaike Terpstra, de mem fan de yn 1999 fermoarde Marianne Vaatstra, moat opnij nei de rjochter om in kontaktferbod ôf te twingen foar publisist Wim Dankbaar. Dat melde it AD tiisdeitemoarn. Terpstra seit dat se noch hieltyd lêst hat fan de publisist. De man bliuwt neffens har kontakt sykjen, om't er oertsjûge is dat de ferkearde man feroardiele is foar de moard op Marianne.
It koart pleit tsjinnet op 24 july. De advokaat fan Maaike Terpstra frege al earder om in kontaktferbod, mar neffens de rjochter wie dit doe noch net oan de oarder.