Follybalsters VC Snits nei Europeeske Challenge Cup

13 jun 2017 - 12:05

De follybalsters fan VC Snits gean definityf Europa yn. De bekerwinner sil Nederlân fertsjintwurdigje yn de Challenge Cup. Woansdei is de lotting foar dit Europeeske toernoai. De lieding fan de klup sjocht it Europeeske aventoer as in goeie kâns foar it jonge team om ûnderfining op te dwaan.

Om de wedstriden finansiere te kinnen, hat it bestjoer in aparte kampanje opset.

(advertinsje)
(advertinsje)