Enkête foar ynwenners Tsjummearum oer takomst foarsjennings

© OPB, Johan en Wiepie
Ynwenners fan Tsjummearum kinne fia it ynternet in enkête ynfolje oer wat sy belangrike foarsjennings yn it doarp fine. Oanlieding fan de enkête is de driigjende sluting fan de sporthal yn it doarp. Doarpsbelang lit no ûndersykje oft de Harnehal yn de takomst in sintraal moetingsplak wurde kin.
It bestjoer ferwachtet dat yn elts gefal de helte fan de ynwenners de enkête ynfolje sil. It ûndersyk wurdt op fersyk fan doarpsbelang útfierd troch Stichting Partoer en Stichting DBF. Ut earder ûndersyk docht bliken dat it tal ynwenners ôfnimt, wylst de gemiddelde leeftiid heger leit.