Twa hûnshaaien swimme yn akwarium fan waadsintrum Holwert

13 jun 2017 - 11:22

It akwarium fan waadbelibbingssintrum De Noordhoren yn Holwert is sûnt ôfrûne wykein twa hûnshaaien riker. De fisken binne op it stuit 45 sintimeter lang en binne oerkaam fan it Amelanner Natuermuseum. Dêr binne de haaien út aaien opkweekt. It is de earste kear dat it sintrum haaien hat. Der is wachte oant de haaien grut genôch wienen om fan It Amelân oerbrocht te wurden nei it grutte akwarium, fan twa by seis meter, yn Holwert. As de haaien útgroeid binne en net mear yn it akwarium passe, wurde se wer oerbrocht nei in oar sintrum yn Nederlân mei gruttere akwaria.

It sintrum is fêstige yn de eardere herfoarme tsjerke fan Holwert, dêr't besikers yn seis akwaria in kompleet oersjoch fan de natuer op it Waad hawwe. Ien fan de publykslûkers yn it akwarium is de snotolf Olfje. De fisk kaam yn it sintrum as in fiskje fan twa sintimeter en is groeid ta in fisk fan tsien sintimeter. Ek mei it fuorjen fan de bisten is it in grutte drokte yn de akwaria.

(advertinsje)
(advertinsje)