Fryske jeugd fertsjinnet minder as gemiddeld

© ANP
Fryske jongeren fertsjinje minder as it lanlik gemiddelde. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Fries Sociaal Planbureau fan sifers oer 2014. Yn dat jier fertsjinnen Fryske jongeren fan tusken de 15 en 25 gemiddeld 11.600 euro. Lanlik leit dat bedrach goed 400 euro heger. Op Skylge en It Amelân fertsjinje jongeren it meast, yn Ljouwerteradiel krije se it minst betelle.
De sifers oer 2014 binne de meast aktuele, omdat dy fêststeld binne troch de Belestingtsjinst. It planburo wit wol dat sûnt dy tiid de ynkommens fan jongeren yn Fryslân omheech gien binne.