Holwert oan See oanwêzich op krimpsympoasium Amsterdam

13 jun 2017 - 10:05

De wurkgroep Holwert oan See nimt kommende tongersdei diel oan in sympoasium oer de krimp op it plattelân. Gasthear en gastfrou fan it sympoasium yn it keninklik paleis yn Amsterdam binne kening Willem-Alexander en keninginne Máxima. Ek prinses Beatrix nimt diel oan it sympoasium.

De wurkgroep sil sprekke oer it takomstperspektyf fan krimpgebieten en sil besykje de plannen foar Holwert oan See ûnder de oandacht fan de kening te bringen.

(advertinsje)
(advertinsje)