Teun de Jong ferlit Skylge en wurdt griffier yn Dantumadiel

13 jun 2017 - 08:36

Skylge moat op syk nei in nije wethâlder. PvdA-er Teun de Jong hat in oare funksje, hy wurdt de nije griffier fan de gemeente Dantumadiel. De Jong folget Ronald Dijksterhuis op, dy't trochskood is nei de funksje fan gemeentesekretaris fan Dantumadiel.

Doel is dat De Jong op 1 augustus mei syn wurk begjint. Hy moat noch wol offisjeel beneamd wurde troch de ried. De Jong wie sûnt 2010 wethâlder op Skylge.

(advertinsje)
(advertinsje)