Kollum: ''Oer preutsheid en dûsbroekjes''

13 jun 2017 - 08:20

''Sexy Ceramics is in grut súkses. De tentoanstelling oer eroatysk keramyk yn de Princessehof is oant en mei oktober ta ferlinge. De wrâld fan ferlieding en lichaamlikens hâldt de minske al sûnt it begjin fan de tiden yn de besnijïng. Tsjek wat dat oangiet The complete history of Eroticism fan Brusendorff en Henningsen. In fassinearjend wurk oer dat wat de minske prikelet en stimulearret. Likegoed is de hâlding fan de minske, as it oer neakenens en ferlieding giet, dûbeld te neamen. De oantrekkingskracht en de fassinaasje is der, mar tagelyk moat dy weistoppe wurde, ûntkend, en, as it oer neaken en bleat giet, bedutsen.

Ien fan de foarbylden dêrfan wie in reaksje op in eardere kollum. Doe neamde ik Sexy Ceramics ek, en de man yn kwestje sei dat er eins neat leaver dwaan soe as alle byldsjes, potten en fazen stikken miterje. In utering fan barbarisme, grif, mar ek in teken fan de tiid. It hat derfan dat wy yn in fase fan nije preutsheid sitte. Wat bygelyks te tinken fan it fenomeen ‘dûsbroekje’? Dat is al jierren yn ferskillende sporten oan ’e gong, mar it bliuwt opmerklik, dûse mei de ûnderbroek of de bikiny oan. No soe men sizze kinne, nim in hantsjefol waskpoeier mei en tropje dat yn de broek, dan is it spul fuortendrekt skjin. Binne je ek noch duorsum bezich.

Tink ek oan de hâlding fan grutte technologybedriuwen, Facebook foarop. Der hoecht mar in tepel of in glimp fan in balsek te sjen te wêzen, of Mark Zuckerberg krijt al reade plakken yn de nekke en stjoert syn preutsheidsplysje derop ôf. Apple, ek sawat. Yn 2012 ferskynde in biografy fan de skriuwster Naomi Wolf, mei de titel Vagina. Dat koe Apple geastlik net oan, en feroare dat foar IBooks yn V****a. En dan hat men noch de ikoanyske PSP-poster út 1971, mei in bleat frommes dat fleurich mei in ko troch de greide huppelet (hjoed de dei ûnbesteanber), de ‘badkledingsdagen’ yn sauna’s (drok besocht) of de krampachtigens om boarstjaan yn it iepenbier hinne (ferskriklik, in tyt).

It hat derfan dat pimels en titen demonisearre wurde. Namste nuverder yn in tiid dat hurde porno yn miljarden gigabytes oer it ynternet fljocht, en steltsjes de Gamma leechkeapje oan tou en duct-tape nei oanlieding fan 50 Tinten Griis. Of komt it krekt dêrfan, is de nije preutsheid in reaksje op de ûnderstelde seksualisearring fan de maatskippij? Foar itselde ken men sa’n bewearing trouwens omdraaie: seksualiteit yn de publike romte nimt net ta, mar de tolerânsje wurdt minder.

Wat dêr krekt de reden foar is, falt net samar te sizzen. Dêr meie de gelearden harren oer bûge. Yn de tuskentiid kinne wy oars neat dwaan as besykje in middenwei te finen yn de wrâld fan ferlieding en lichaamlikens. Troch bygelyks net spastysk oer boarstfiedzjen te dwaan, troch sûnder klean te dûsen. Troch yn de Princessehof de tentoanstelling Sexy Ceramics te besjen, en te beseffen dat ferlieding en lichaamlikens natuerlik is, feitlik de gewoanste saak fan de wrâld.''

(advertinsje)
(advertinsje)