Huitema sprekt Europeesk Parlemint yn it Frysk ta

Europarlemintariër Jan Huitema (VVD) fan Makkingea hat moandeitejûn sûnder problemen it Europeesk Parlemint yn Straatsburch yn it Frysk tasprutsen. Dit die er yn it ramt fan it 25-jierrich bestean fan it Europeesk Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen fan de Ried fan Europa. Om dêr by stil te stean woene Europarlemintariërs dy't in minderheidstaal prate foar ien kear yn eigen taal in taspraak hâlden.Njonken Frysk waard der op de gearkomste ek Katalaansk, Gaelic, Galisysk, Baskysk en Falensiaansk praat.
It Europees Parlemint wie net bliid mei it inisjatyf. "Toespraken in het Fries zijn in strijd met de regels. Dat kan wel op een vergadering achteraf, maar niet op een plenaire bijeenkomst van het Europees Parlement", seit wurdfierder Marjory van den Broeke fan it Europeesk Parlemint. De foarsitter ûnderbruts de earste Katalaanske sprekker geregeld mei it fersyk om fierder te gean yn in 'offisjele wurktaal' fan it Europeesk Parlemint. Jan Huitema liet er gewurde.
It Europeesk Parlemint hat 24 wurktalen, dy't fêststeld wurde troch de lidsteaten. It giet om de offisjele steatstalen fan alle 28 lidsteaten fan de Europeeske Uny. It giet dan om grutte talen as it Frânsk, Dútsk en Ingelsk, mar ek om folle lytsere talen as it Malteesk, it Iersk en it Estysk. As der talen oan taheakke wurde moatte, lykas it Katalaansk of it Frysk, dan moat de belutsen lidsteat soks foarstelle, seit frou Van den Broeke
De taspraken yn de minderheidstalen waarden moandeitejûn net oerset op ien nei: de Ingelske tolk die - yn striid mei de ynstruksjes - wakker syn bêst om de Fryske taspraak fan Jan Huitema oer te setten yn it Ingelsk. De man kaam dêr lykwols net hielendal út. Sjoch ek op ús Europablog.