Nij Cambuurstadion liket der no dochs te kommen

12 jun 2017 - 22:49

It liket derop dat de plannen foar de bou fan in nij Cambuurstadion einliks rûn binne. Neffens de Ljouwerter wethâlder Andries Ekhart wurdt takom tiisdei op in parsekonferinsje mear bekend makke. It definityf meitsjen fan de plannen lit al mear as oardel jier op him wachtsje.

Ein ferline jier like it derop dat de saak sa goed as klear wie. Mar in presintaasje fan de plannen bleau út. No liket it wol safier te wêzen. Oer it karakter fan de plannen wol Ekhart neat sizze. Dat is oan myn kollega Henk Deinum, seit er. Deinum wie moandei net foar in reaksje beskikber. 

As alles giet sa't oant no ta bekend wie, komt der op it WTC-kompleks yn Ljouwert in stadion mei in kapasiteit fan sa'n 15.000 taskôgers, mei dêromhinne ûnder oare in skoalle, in supermerk, in boumerk, sport en spul en mooglik in bioskoop. De totale ynvestearring yn it kompleks mei alles dêromhinne bedraacht sa'n 70 miljoen euro. 

Trefwurden: 
SC Cambuur stadion fuotbal
(advertinsje)
(advertinsje)