Mingde reaksjes op werynrjochtingsplannen Boalsert

12 jun 2017 - 22:27

Boalsert is moandeitejûn bypraat oer de plannen foar de werynrjochting fan de stêd. Op de drok besochte gearkomste waard praat oer it merkplein, it stedhûs, de Appelmerk en de fyzje op it begraafplak en de ynrjochting fan de paden. Arsjitekt Erik Overdiep prate de bewenners by oer de plannen. 

De reaksjes wiene net gelyk en net allegearre posityf. Sa fynt de 73-jierrige Floris Bottema dat de minsken te min ynformearre wurde. Hy sjocht benammen de pleatsing fan de fonteinen út de projekt Eleven Fountains fan Kulturele Haadstêd 2018 net sitten. 

Wethâlder Maarten Offinga neamt it goed dat minsken kritysk binne. Neffens him jout dat de belutsenens fan de bewenners oan. 'Ik haw noch nea meimakke dat in plan mei grut applaus yn ûntfangst naam wurdt', sei er.  'Eltsenien moat him fertroud fiele mei it opknappen fan Boalsert. We moatte mei ús allen grutsk wurde op de stêd.' 

Trefwurden: 
Boalsert Eleven Fountains
(advertinsje)
(advertinsje)