Lintsje foar twa manlju frijwillige brânwacht

12 jun 2017 - 21:53
Foto: ANP

Twa manlju fan de brânwacht yn de gemeente Eaststellingwerf hawwe moandeitejûn in lintsje krigen. Klaas van der Veen en Sietse Brinksma krigen de keninklike ûnderskieding foar harren jierrenlange ynset by de frijwillige brânwacht.

De 56-jierrige Van der Veen út Easterwâlde is sûnt 1996 frijwilliger by de brânwacht. Brinksma, 55 jier en ek ôfkomstich út Easterwâlde, is sûnt 1991 frijwilliger. Beide manlju krigen de ûnderskieding út hannen fan boargemaster Harry Oosterman.

(advertinsje)
(advertinsje)