Hearrenfean iepenet tsjin Grins, Cambuur tsjin Jong Ajax

12 jun 2017 - 21:40

Sportklup Hearrenfean trapet it nije fuotbalseizoen op snein 13 augustus ôf mei in noardlike derby by FC Grins. De Jupiler League begjint in wike letter. SC Cambuur begjint it seizoen op freed 18 augustus thús tsjin Jong Ajax. Dat stiet yn it konseptprogramma fan de KNVB dat moandeitejûn publisearre waard op de webside it fuotbalbûn.

De lêste spylronde yn de earedifyzje is op snein 6 maaie. Hearrenfean spilet dan thús tsjin Feyenoord. Cambuur spilet de lêste wedstriid fan takom seizoen op sneon 28 april by Telstar.

Besjoch hjir it folsleine konseptprogramma.

(advertinsje)
(advertinsje)