Ljouwert kin útkearingen net betelje as it ryk net byspringt

12 jun 2017 - 22:05

In soad grutte gemeentes yn Nederlân, werûnder Ljouwert, freegje in ekstra bydrage fan it ryk om de útkearingen betelje te kinnen. De gemeentes gean dit jier ôf op in tekoart fan 270 miljoen euro, omdat der mear jild oan útkearingen betelle wurde moatte as dêr't op rekkene wie. Foar Ljouwert giet it om in rûchwei 3 miljoen.

Neffens wethâlder Andries Ekhart fan Ljouwert is it tekoart ûnder oare ûntstien omdat minsken earder as yn it ferline yn de bystân telâne komme, omdat statushâlders in útkearing krije en omdat de AOW nei 67 jier ferhege is. Dêrtroch rint de bystân langer troch. Undersyk fan in ekstern buro wiist út dat it tekoart gjin fout is fan de gemeentes, mar it gefolch is fan in te lege bydrage fan it ryk, seit Ekhart.

De gemeentes besprekke it probleem fan 'e wike op it kongres fan de Feriening Nederlânske Gemeenten, de VNG. Der leit in moasje op tafel dêr't it ryk yn om de eksta 270 miljoen euro frege wurdt. Ekhart giet derfan út dat de moasje mei grutte mearderheid oannaam wurdt. Hy hopet dat it kabinet yn de neijiersnota mei in oplossing komme sil.

Trefwurden: 
gemeente ryk bystân
(advertinsje)
(advertinsje)