Skoalle skrast stêdereizen en kiest foar feiligere lokaasjes

Yn desimber ferline jier ried in frachtauto yn op de krystmerk by de Gedäcthniskirche yn Berlyn © ANP
It Bornego College op It Hearrenfean hat de skoalreiskes fan de treddeklassers nei Berlyn, Londen en Parys annulearre. Dit is dien omreden fan de feiligens.
De klassen soene yn july nei de trije stêden ta. De skoalle neamt it in lestich beslút, wêrby't de ûngerêstens fan âlden, learlingen en meiwurkers meiwoegen binne. Der binne alternative bestimmingen foar de skoalreiskes fûn.