Rjochter leit jildstraf op foar geweld tsjin homo

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
In 28-jierrige Grinslanner hat fan de rjochtbank yn Ljouwert in boete fan 750 euro krigen foar it slaan fan in homoseksuele man yn in diskoteek op Skiermûntseach. Ek moat er it slachtoffer 1000 euro smertejild betelje.
De man sloech it slachtoffer om't er him earder tútsjen seach mei in oare man. De rjochter neamde it ynsidint in folslein ûnterjochte en sinleaze mishanneling.