Oerol hie it net oprêden sûnder Freonen fan Oerol

12 jun 2017 - 19:41

It Oerolfestival op Skylge hie net mear bestien as de Freonen fan Oerol net de skouders derûnder set hiene. De stichting is de grutste sponsor fan it festival, en fiert dit jier it 30-jierrich bestean. Oprjochter Joop Mulder fan it Oerolfestival dy't sneon ôfskie naam, neamde de freonen it fûnemint fan it festival.

Yn de beginjierren kin Oerol de holle mar krekt boppe wetter halde. Yn 1987 wurdt de stichting Freonen fan Oerol yn it libben roppen: Yntusken hat de stichting hast 11.000 leden en leit alle jierren trije ton op it kleed. Dêrmei is it fierwei de grutste sponsor fan Oerol. 

Trefwurden: 
Oerol
(advertinsje)
(advertinsje)