Drokte by iepen hûs 'lytse húskes' yn Hurdegaryp

12 jun 2017 - 17:58

Lytse húskes ofwol 'tiny houses' binne populêr. Rûnom yn Nederlân wolle gemeenten romte jaan oan dy nije foarm fan húsfêsting. It konsept is simpel: lytse hûskes mei in minimum oan romte, mar mei alles wat minsken nedich hawwe. En dat duorsum en ek foar starters betelber.

Yn Tytsjerksteradiel rinne se dêrmei foarop. De gemeente hat de regels yn bestimmingsplannen al sa oanpast dat de húskes pleatst wurde kinne. Moandei waard yn Hurdagaryp in eigen strjitsje Lytse Húskes yn gebrûk naam.. Op it 'iepen húske' kamen fuortendaliks al in soad minsken ôf. Neffens wethâlder Geerling Schippers fan Tytsjerksteradiel hat de gemeente ek al oare lokaasjes op it each om pleatsing fan sokke húskes mooglik te meitsjen.

(advertinsje)