Wurkstraf foar stikeme filmer yn swimbad

12 jun 2017 - 16:28

In man út Dokkum hat fyftich oeren wurkstraf krigen, omdat er stikem in frou filme hat yn in klaaihokje fan it swimbad yn Dokkum. De man moat de frou ek 500 euro smertejild betelje. It wie net foar it earst dat de man stikem oan it filmjen west hie. Hy seit sels dat er dat út in soarte fan 'drang' docht. De rjochter fynt dat er him ûndersykje litte moat troch de GGZ. As dy seit dat er behannele wurde moat, dan moat er him dêr oan hâlde, seit de rjochter.

(advertinsje)
(advertinsje)