Kweker yn Sint-Jabik ferwachtet goed parrejier

12 jun 2017 - 15:59

Kweker Dirk de Groot út Sint-Jabik ferwachtet dit jier winst te meitsjen mei syn parren. De parren dogge it goed by de eksport nei it bûtenlân en se wolle omraak groeie yn it Nederlânske klimaat.

By fruitkwekers wurde parren hieltyd populêrder as apels. Neffens de brânzjeferiening fan fruitkwekers komt dat om't der amper noch Nederlânske apels eksportearre wurde. De feriening seit dat benammen kwekers út Poalen de apelmerk oernaam hawwe.

Trefwurden: 
par Dirk de Groot Sint-Jabik
(Advertinsje)
(Advertinsje)