Berou, mar dochs boete foar útskellen parkearwachter

12 jun 2017 - 15:18

In man út Wâlterswâld hat in boete fan 500 euro krigen foar it útskellen fan in parkearwachter omdat sy him in boete jûn hie. De man sei dat er net iens sa sear lilk wie fanwege de boete, mar omdat de froulike parkearwachter de doar fan syn auto tichtdie, wylst hy noch net mei har útpraat wie.

De Wâlterswâldster fûn achternei dat it net netsjes wie wat er de frou nei de holle slingere hie.Dêr hie er spyt fan, sei er moandei by de rjochtbank.

(advertinsje)
(advertinsje)