Keeper Warner Hahn tekenet foar trije jier by SC Hearrenfean

12 jun 2017 - 14:45

SC Hearrenfean hat in nije keeper. De 24-jierrige Warner Hahn hat moandeitemiddei foar trije jier tekene by de klup. Hahn komt oer fan Feyenoord. De Rotterdamske klup ferhierde de doelman it ôfrûne seizoen oan Excelsior. Hahn is de opfolger fan Erwin Mulder.

Technysk manager Gerry Hamstra fan SC Hearrenfean is bliid mei de nije oanwinst. "Hij is een doelman met potentie, anders kom je ook niet bij Feyenoord terecht. Warner is een persoonlijkheid die in de groep zijn mannetje kan staan. Hij is ambitieus en dat zijn wij ook, daardoor waren we het ook snel eens."

Ek Hahn hat in soad nocht om by Hearrenfean oan de slach te gean. "Het is een hele mooie club, heel warm, fijne mensen. Ze spelen aanvallend voetbal en de visie van de trainer en de club bevalt heel erg", sa seit er.

(advertinsje)
(advertinsje)