Stasjon Wolvegea hat assistint foar reizgers mei beheining

Minsken mei in beheining kinne tenei op it treinstasjon yn Wolvegea assistinsje krije fan in meiwurker fan de NS. Tusken 7 oere moarns en 11 oere jûns is in meiwurker fan de NS oanwêzich om treinreizgers mei in beheining te stypjen by it yn- of útstappen. Yn it wykein jildt de assistinsje fan 8 oere moarns oant 10 oere jûns. Minsken dy't in assistint nedich ha, moatte in oere yn it foar belje.
Mei dit inisjatyf wol de NS it selsstannich reizgjen foar minsken mei in beheining makliker meitsje. Der wie in soad fraach nei, seit de NS. De stasjons yn Ljouwert en It Hearrenfean ha al in assistint. Lanlik komt it oantal treinstasjons mei in assistint op 117.