Dûane ûndersiket oare fiskkotter yn Harns: neat oantroffen

12 jun 2017 - 13:52

Twa teams fan de dûane hawwe moandeitemiddei opnij in fiskkotter ûndersocht yn de haven fan Harns. By it ûndersyk waard neat fertochts fûn. Sneon waard yn Harns op in Belgysk skip 300 kilo kokaïne fûn, dat skip is yntusken nei de haven fan Den Helder brocht. No is ek ûndersyk dien op in skip út IJmuiden. Neffens de dûane hawwe beide saken neat mei-inoar te krijen.

De dûane is op it stuit ekstra skerp op fertochte situaasjes fanwege de grutte drugsfangst fan sneon. In wurdfierder sei yn in reaksje dat it om in reguliere kontrôle gie.

(advertinsje)
(advertinsje)