Afûk organisearret ynternasjonale dei foar social media

12 jun 2017 - 13:39

De Afûk organisearret op tiisdei 26 septimber in ynternasjonale social media dei foar lytse talen yn Europa. Dy dei is it ek de Europeeske Dei fan de Talen. Net allinnich Fryslân docht mei, mar ek tal fan oare organisaasjes út mear as 16 oare regio's yn Europa. Under oaren Baskelân, Ierlân en Malta hawwe harren dielname al tasein.

De ynternasjonale social media dei is in inisjatyf fan de Praat mar Frysk-kampanje fan de Afûk. Mei dizze dei wolle se it ferskaat oan lytse talen yn Europa sjen litte op social media en ferbiningen lizze tusken de ferskillende mienskippen.

Trefwurden: 
Afûk social media Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)