Pasjinten Nij Smellinghe kinne radiologybylden thús besjen

12 jun 2017 - 12:32

Pasjinten fan sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten kinne tenei de eigen radiologyske bylden thús op de kompjûter besjen. It sikehûs biedt foar pasjinten fan de ôfdieling ortopedy en foar swangere froulju de opsje de ûndersyksbylden en ferslaggen thús te besjen. Dat betsjut bygelyks dat swangere froulju har 20-wiken echo thús op de pc fia it saneamde MyVue ôfspylje kinne. De bylden kinne ek dield wurde mei famylje, freonen en soarchpersoniel.

It sikehûs wol de nije technology yn de takomst ek foar oare pasjinten beskikber stelle.

(advertinsje)
(advertinsje)