Feanster yngenieursburo Clafis keapet monumintale wettertoer

12 jun 2017 - 11:53

Yngenieursburo Clafis fan It Hearrenfean hat de monumintale wettertoer Hoog en Droog yn Enschede kocht fan wetterliedingsbedriuw Vitens. Clafis sil it gebou opknappe. It bedriuw wol der hoareka, kantoaren, apparteminten en studio's yn fêstigje. De wettertoer is it fjirde monumintale gebou dat Clafis oernimt. Oare objekten binne de Technyske Skoalle op It Hearrenfean, de wettertoer yn Alkmaar en it NS-stasjon yn Soestduinen.

It oernimmen, opknappen en op 'e nij brûken fan monumintale gebouwen past neffens Clafis binnen de duorsumheidsfisy fan it bedriuw.

Belangstellenden kinne ek in firtuele rûnlieding meitsje yn de wettertoer.

Trefwurden: 
duorsumheid Clafis wettertoer
(advertinsje)