Fjoerwurksmiter Cambuurstadion komt freed foar de rjochter

12 jun 2017 - 11:51
De froulike steward rekke swierferwûne oan har foet doe't de fjoerwurkbom ûntplofte - Foto: Omrop Fryslân

De 33-jierrige Ljouwerter dy't op 30 jannewaris ferline jier in fjoerwurkbom op it fjild yn it Cambuurstadion smiet, moat kommende freed foar de rjochter komme. In froulike steward dy't it swiere stik fjoerwurk opromme, in Cobra 6, rekke slim ferwûne troch de hurde knal.

De Ljouwerter wurdt fertocht fan it tabringen fan slim lichaamlik letsel.

(advertinsje)
(advertinsje)