FIDEO: Epke turnet fiif eleminten efterinoar

Dat hy goed turnje kin, witte wy fansels wol. Mar dat Epke Zonderland fiif flechteleminten op rige folbringe kin, dat wie noch nea earder dien. De turner hie moandeitemoarn in training op It Hearrenfean en besocht dêryn fiif eleminten efterinoar te turnjen. En net sûnder sukses: mei in Cassina, Kovacs, Kovacs, Kolman en in Gaylord 2 folbrocht de Feanster syn prestaasje.