Mear as trijehûndert dielnimmers by lanenkeatsen Harns

12 jun 2017 - 11:16

De 68e edysje fan it lanenkeatsen yn Harns telt opnij mear as trijehûndert dielnimmers. De organisaasje hat njonken de Lanen in ekstra perk yn de Kleine Ossenmarkt dellein. Yn de jierren '60 en '70 waard der ek al keatst. It lanenkeatsen begjint moandeitejûn en duorret oant freed 16 juny. Dielnimmers komme út Harns, mar ek út de plakken dêromhinne, lykas Frjentsjer, Seisbierrum, Arum, Kimswert en Mullum.

It lanenkeatsen wurdt yn ferskate kategoryen spile. Fan de jeugd fan 11 jier ôf oant froulju fan boppe de 35. De organisaasje is der klear foar, sa sizze Ludwig Seerden en Niels Outhuijse fan de stichting Lanenkeatsen Harns. It lanenkeatsen is foar it earst yn 1950 hâlden. De foto's fan âld-winners hingje yn in etalaazje fan in winkel oan de Lanen.

Trefwurden: 
lanenkeatsen Harns keatsen
(advertinsje)
(advertinsje)