Feriening foar minsken mei útkearing heft harsels op

De feriening Fries Samenwerkingsverband Uitkeringsgerechtigden (FSU) hat harsels opheft. Dêrmei komt in ein oan 38 jier opkommen foar de belangen fan minsken mei in útkearing of in minimumlean. It beslút fan de leden fan it FSU komt nei it beslút fan de provinsje om de subsydzje stop te setten. Gemeenten soene de finansiering oernimme moatte, mar wolle dat net. It bestjoer hat noch socht nei alternative finansiering, mar slagge der net yn.
Oanfragen foar subsydzjes waarden ôfwiisd of de bydragen wienen te lyts. Der wurdt no sjoen hokker organisaasjes taken fan it FSU oernimme kinne. It ôfskied is yn desimber dit jier.