Fryske taspraak fan Huitema wurdt net oerset en notulearre

12 jun 2017 - 10:07

De Fryske taspraak dy't Jan Huitema moandeitejûn hâlde wol yn it Europeesk Parlemint yn Straatsburg wurdt net oerset yn de 24 wurktalen fan it parlemint en ek net opnommen yn de notulen. It kabinet fan parlemintsfoarsitter Tajani hat dit skriftlik oan Europarlemintariër Huitema út Makkingea wite litten. Huitema wie sels fan doel om de tolken fan it parlemint in oersetting fan syn taspraak yn it Nederlânsk te jaan, mar de tolken is no troch it parlemint ferbean om dy oersetting te akseptearjen.

It Europeesk Parlemint hat 24 wurktalen. It giet om de earste offisjele taal fan de 28 lidsteaten. Parlemintsfoarsitter Tajani wol dêr net fan ôfwike, ek net foar ien kear. Huitema soe moandei op inisjatyf fan de kommisje 'Minorities' in taspraak yn it Frysk hâlde om sa stil te stean by it 25-jierrich jubileum fan it Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen fan de Ried fan Europa. It kabinet fan Tajani liet yn earste ynstânsje witte dêr wol oan meiwurkje te wollen, mar kaam ein ferline wike ynienen mei in negative reaksje.

Ferset

It ferset tsjin it brûken fan minderheidstalen yn it Europeesk Parlemint komt nei alle gedachten fan Spanje, dêr't spanningen binne tusken Kataloanje en it nasjonale regear. Kataloanje wol yn oktober stimme oer ûnôfhinklikheid; it regear yn Madrid is dêr poer op tsjin.

Earste Fryske taspraak

Foar Jan Huitema is dat gjin reden om fan syn foarnimmen ôf te sjen. "No doch ik it yn elts gefal, dan mar gjin oersetting. Dêr binne je op it lêst in Fries foar. Ik fyn it ek in eare om as earste Europarlemintariër in taspraak yn it Frysk te hâlden." Huitema wiist der op dat tsien persint fan de Europarlemintariërs in minderheidstaal praat en dat minderheidstalen in wichtich ûnderdiel binne fan de Europeeske kultuer. Sjoch ek ús Europablog

(advertinsje)
(advertinsje)