Kollum: ''It Bûsjild fan Van Bekkum''

12 jun 2017 - 08:30

''It sil net ien yn Fryslân ûntgong wêze dat Lieven Bertels ôfrûne wike opstapte as direkteur fan Kulturele Haadstêd 2018. En dat op in momint dat de organisaasje folop yn it nijs is, benammen fanwege de sinteraasje. Alle projekten kostje krekt wat mear jild as ferwachte. En dus moatte de gemeente Ljouwert en de provinsje ekstra ta de ponge. En dêr binne se net sa bliid mei.

Tagelyk mei it nijs dat Bertels fuortgiet, waard ek bekend makke dat Tjeerd van Bekkum - op dit stuit boargemaster fan Smellingerlân - it stokje oernimt fan Bertels. Van Bekkum kaam begjin dit jier mei it plan kaam om elke ynwenner fan Fryslân in euro betelje te litten oan Kulturele Haadstêd. Hy fynt dat alle Friezen bydrage moatte oan dizze grutte happening, en dus soene alle gemeenten per ynwenner in euro jaan moatte.

Op himsels net sa'n ferkeard plan, mar dan moat élke Fries ek waar foar syn jild krije. Fan begjin ôf oan waard ús nammentlik foarhâlden dat Kulturele Haadstêd net allinnich om Ljouwert gean soe. It spektakel soe hiel Fryslân in boost jaan moatte. Ek de lytse doarpkes. Dat heart moai, mar wurdt dizze belofte ek echt wiermakke?

Sjoch ris kritysk nei de begrutting. De grutste jildslurpers binne it 11Fountains-projekt en de metershege reuzen fan strjitspektakel Royal de Luxe. By beide projekten binne gjin Friezen belutsen. De fonteinen binne ûntworpen troch bûtenlânske keunstners en de reuzen komme út Frankryk. En yn beide stekt de organisaasje miljoenen.

Fergelykje dat no ris mei it projekt fan ús eigen arsjitekte Nynke Rixt Jukema, dy’t mei Feel the Night in boost jaan woe oan ferskate lytse doarpkes. In bealch fol wurk fersette se om mei te skriuwen oan it bidbook. Har projekt waard it grutte foarbyld dat de sjuery sjen litte moast hoe’t mienskip hjir yn Fryslân noch libbet. En ien kear riede by hokker projekt as earste de stekker der útlutsen is? Just ja. Feel the Night fan Nynke Rixt Jukema.

Wy dogge mei ús eigen doarp Aldegea ek mei oan Feel the Night. Aldegea is ien fan de ‘tsjustermienskippen’, wêrmei’t Nynke Rixt ús sjen litte wol hoe wichtich in tsjustere nacht eins is. No’t de stekker der útlutsen is, betsjut dat lykwols net dat by ús it ljocht ek útgiet. Dit jier organisearje wy de twadde edysje fan ús Feel the Night Maisstro Konsert. In konsert yn it pikketsjuster midden yn in stik maislân, wêrby’t it publyk plaknimt op striepakjes. De earste edysje wie ôfrûne jier in grut sukses, en dus sette wy troch. Foar ús leit der gjin jild klear yn Ljouwert, dus ynvestearje wy sels yn ús doarp.

Ik wit wol: wa’t wat organisearret krijt altyd kommentaar. Kinst it simpelwei noait foar elkenien nei it sin dwaan. Mar troch te kiezen foar sokke grouwelige jildslurpers, draaist lytse projekten dy’t troch Friezen sels betocht en organisearre wurde de nekke om. De grutte fraach is dan ek: wat is wichtiger? Fan ûnderop lytse projekten yn de eigen doarpen mooglik meitsje, of fan boppeôf de bink úthingje mei fan dy djoere grutte spektakelstikken?

Bêste Tjeerd van Bekkum, jo kamen mei it plan om elke Fries in euro meibetelje te litten oan Kulturele Haadstêd. Ik ha in oar idee. As wy dat no ris krekt oarsom draaie. Wy krije allegearre as doarp per ynwenner in euro fan jim. Dan kinne wy dêr sels aktiviteiten fan organisearje dêr’t wy ek echt wiis mei binne. Nei it ‘Tientje van Lieftinck’ en ‘Kwartje van Kok’ ha wy dan no ek it ‘Bûsjild fan Van Bekkum’.''

(advertinsje)
(advertinsje)