Stellen frachtwein yn de brân by Akkrum, sjauffeur útnaaid

De helptsjinsten binne moandeitemoarn betiid manmachtich útriden foar in frachtwein dy't by it Tamoil tankstasjon lâns de A32 by Akkrum yn de brân stie. Der waard earst tocht dat de sjauffeur noch yn de kabine wie, mar al gau die bliken dat dat net it gefal wie. Wêr't de sjauffeur bedarre is, is net bekend. It giet om in stellen frachtwein, de sjauffeur is nei alle gedachten útnaaid.
De brân bleau beheind ta de kabine, de trailer der achter koe troch de brânwacht rêden wurde.