Proef mei fokserasters is in sukses: piken komme út

12 jun 2017 - 05:58

It grutskalige eksperiment mei elektryske rasters om foksen by briedende greidefûgels wei te hâlden is in súkses, seit Steatsboskbehear. Op ferskate plakken yn de provinsje is dizze maitiid hjirmei troch natoerbehearders in proef dien. Yn de Sweagermieden seagen Van Hall studinten sawol nei nêsten binnen as bûten it raster. Binnen it raster kamen alle piken út de aaien en dêr bûten hast neat. De konklúsje is dat it raster foaral helpt aaien te beskermjen tsjin rôfbisten op de grûn.

Mar at de piken út de aaien komme, leit dat oars. De jonge fûgels kinne dan it omrastere gebiet ferlitte en ek at sy dat net dogge, binne sy kwetsber foar fûgels dy't piken op it menu ha. Dat is ek te sjen yn de oare gebieten dêr't de proef hâlden is. It fokseraster is dus in lyts, mar brûkber ûnderdiel fan in folle bredere oanpak, seit Steatsboskbehear. Underdiel fan dy bredere oanpak is de ynset fan jagers en gearwurking mei boeren, lykas ek dizze maitiid bard is yn de Sweagermieden.

(advertinsje)
(advertinsje)