Wapene oerfal op snackbar yn Marowijnestrjitte yn Ljouwert

11 jun 2017 - 19:26

De plysje makket sneintejûn melding fan in wapene oerfal op snackbar Snacky Express yn de Marowijnestrjitte yn Ljouwerter wyk Nijlân. Der soe gebrûk makke wêze fan in swart pistoal, de dieder is rinnende fuortgien rjochting de Middelzeeleane. De dieder is mooglik mei in jildbedrach útnaaid. Der waard ek in Burgertnetaksje starten, mar dy hat neat opsmiten.

De plysje freget tsjûgen om har te melden. Belje mei 112 of 0900-8844.

(Advertinsje)
(Advertinsje)