Sitte der nije bisten yn de Ljouwerter bosk?

11 jun 2017 - 18:57

Tsientallen bern diene snein mei om nije plante- of bistesoarten yn it Ljouwerter bosk te finen. It Natuermuseum en it Instituut Voor Natuureducatie, IVN, organisearren dizze sechsde Soartedei. Sa wurdt der in ynventarisaasje makke fan wat der libbet yn de bosk en bern wurde entûsjast makke foar de natuer.

Op ekskurzje troch de Ljouwert bosk koene de bern mei help fan saakkundigen bygelyks ynsekten, fûgels en flinters fine. Yn de sleatten mochten se wetterbistjes fange. Oft der nije soarten ûntdutsen is, moat noch útsocht wurde.

Trefwurden: 
soarten Ljouwerter Bosk IVN
(advertinsje)
(advertinsje)