Berber Vonk fan Appelskea nasjonaal kampioene inline-skaten

Berber Vonk as kampioene by it NK inline-skaten © Timsimaging.nl
Berber Vonk fan Appelskea is yn Arnhem Nederlânsk kampioene op de maraton by it inline-skaten wurden. Se wûn it yn de sprint fan Irene Schouten en Janita Willems-Crediet. It wie in hiele swiere koers, foar in part feroarsake troch de waarmte, mar ek troch de stikken klinkerts dy't yn it parkoers sieten.
Mei dizze oerwinning liket Berber Vonk wer hielendal werom. Se hat in hiel skoft kwakkele en woe ferline jier eins hielendal ophâlde mei skeelerjen en reedriden. Uteinlik hat se dat net dien. No seit se: "Ik wil hard trainen, in mezelf geloven en naar mijn lichaam luisteren".