Tjisse Steenstra kening fan frije formaasjepartij yn Stiens

Der stiet gjin maat op it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra. It partoer wûn dit wykein sawol sneon yn Broeksterwâld as snein yn Stiens de frije formaasjepartij. Tjisse Steenstra waard lykas ferline jier yn Stiens ta kening útroppen. Yn in iensidige finale wûnen se mei 5-1 en 6-2 fan Bauke Triemstra, Alle Jan Anema en Patrick Scheepstra.
Dat partoer wie útkeatst nei harren spektakulêre heale finale-partij tsjin it partoer fan Marten Bergsma, Dylan Drent en Hans Wassenaar. Yn dy partij kaam alles oan de hang. It wie foar it partoer fan Van der Bos alwer de fiifde seizoensoerwinning.