Froulju fan Berltsum winne ôfdielingspartij yn Sint-Anne

© ANP
It partoer fan Berltsum, mei Ilse Tuinenga, Leonie van der Graaf en Harmke Siegersma hat snein de ôfdielingswedstriid yn Sint-Anne wûn. Yn de finale fersloegen se it partoer fan Peins mei Anne Berber, Hiske en Marrit Zeinstra.
De tredde priis wie foar de froulju fan Grou, (Nynke Sinnema, Ymkje Yntema en Marte Altenburg). Der stiene yn Sint-Anne 17 partoeren op de list.