Lintsje foar Ulbe Tjallingii fan Deinum

Ulbe Tjallingii fan Deinum is sneintemiddei beneamd ta ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Boargemaster Van Mourik rikte him de ûnderskieding út yn de Mariatsjerke yn Bûtenpost, dêr't it 25-jierrich bestean fierd waard fan de Werkgroep Geloof en Homoseksualiteit Friesland. Tjallingii wie dêr jierren foarsitter fan en is sûnt 1998 sekretaris. Hy hat domeny west yn De Westereen en Stiens en dêrnei geastlik fersoarger yn de Sionsberg yn Dokkum. De lêste jierren leit er him benammen ta op de muzyk, hy is oargelist en dirigint fan ferskillende koaren.
Yn 2010 waard Ulbe Tjalllingii troch it Homoplatoform Friesland ûnderskieden mei de homo-emansipaasjepriis it Roze Pompeblêd. It homoplatfoarm is in gearwurkingsferbân dat him ynset foar de emansipaasje fan homoseksuelen yn de Fryske mienskip.
Tusken 1975 en 1989 wie hy oargelist fan de Protestantske Gemeente Easterbierrum/Winaam en no is hy dirigint fan Spirit of Joy yn It Hearrenfean/Wolvegea en sjongferiening Mingd Koar yn wyn wenplak Deinum.
Boargmeaster Van Mourik fynt de ûnderskieding in passende beleanning: "It is folslein terjochte dat de hear Tjallingii foardroegen is. Hy is al jierren tige aktyf yn de leauwige mienskip foar homoseksuelen, transgenders en biseksuelen".