Shovel brânt út by pleats yn Koarnwert

11 jun 2017 - 16:45

Op it hiem fan in boer oan de Houwdyk by Koarnwert is sneintemiddei in shovel útbaarnd. Dy stie op it hiem, sadat de brânwacht opskaalde nei middelbrân. It brânwachtkorps fan Makkum hat de brân blusd en koe foarkomme dat de brân oersloech nei oar ark of de pleats. Wol is der in bulte kuil út foarsoarch útelkoar skuord. Oer de oarsaak fan de brân is fierder noch neat bekend.

Trefwurden: 
brân shovel Koarnwert
(advertinsje)
(advertinsje)