Dokkum slút Bonifatiusdagen ôf mei in oekumenyske prosesje

De organisaasje fan de Bonifatiusdagen yn Dokkum sjocht tefreden werom op de festiviteiten. Fan freed oant snein wiene der allegear aktiviteiten en tsjinsten om de stjerdei fan Bonifatius te betinken.
Sa wie der in muzykspektakel mei koaren, de presintaasje fan de nije biskop en op de slotdei gie in prosesje troch de binnenstêd nei de Bonifatiuskapel. Mei minder minsken as ferline jier. Dat komt, om't no allinnich Dokkumer tsjerken meidogge. Mar yn de prosesje rûnen wol minsken mei fan ferskillende tsjerkemienskippen.