50plus wol in LF2018-evenmintebus foar senioaren

11 jun 2017 - 15:30

'Der moat in spesjale LF2018-eveneminte-bus komme foar senioaren', dat fynt Jan Waterlander fan de 50plus-steatefraksje. 'Om der foar te soargjen dat alle Friezen, dus ek de âlderein, meidwaan kinne oan LF2018 moat der ekstra omtinken wêze foar de berikberens fan dy eveneminten. Foar âlderen is it net fanselssprekkend dat se oeral wol komme kinne. In spesjale bus, mooglik mei oanpassings en romte foar rollators, soe dêryn foarsjen kinne.

Dêrnjonken pleitet 50plus foar it programmearjen fan foarstellings yn ynstellings en fersoargingshûzen. Boppedat moatte foarstellings net allinnich jûns holden wurde. 'Dy begjinne soms pas as de âlderen hast op bêd gean. Lit der ek in tal middeis al begjinne, dan kin elk kieze wat it him of har it bêste past', sa stelt Jan Waterlander. It 50plus-steatelid die syn útspraken yn it radioprogramma Buro de Vries.

Trefwurden: 
senioarebus 50plus LF2018
(advertinsje)
(advertinsje)